Jubileum follybalklup Snits

15 sep 2013 - 18:32

Snits wie sneon wer efkes follybalstêd. Yn de Snitser sporthal waard it 50-jierrich jubileum fierd fan Olympus, ien fan de beide Snitser follybalklups dy't tsjintwurdich spilet ûnder de namme VC Sneek. Yn 1997 gie Olympus in fúzje oan mei dy oare grutte klup út Snits: Animo.

Hûnderten leden en âld-leden sammelen harren om nochris werom te sjen op de gloarjetiden. Ta eare fan it jubileum presentearre it flaggeskip fan VC Snits it nije tenue.

Mear hjiroer moandeitejûn yn Boppeslach.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)