FVC ûnderút yn spektakelstik

FVC © Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser FVC hat snein de twadde kompetysjewedstriid mei 6-4 ferlern fan Hercules. Yn Utrecht sette de thúsploech goed útein mei in betide iepeningstreffer. Wesley Tankink soarge foar de Ljouwerter lykmakker. Nei in twadde treffer fan Hercules sette Sander Seinstra de Ljouwerters yn de 34e minút opnij op likense hichte.
Nei rêst holden beide ploegen inoar lang yn it lykwicht troch om en om te skoaren. By 4-4 rûn Hercules lykwols út nei 6-4 en moast FVC de oansluting gean litte.