Romme winst Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso hat snein de teloarstellende start fan de kompetysje fan ferline wike fuortspield mei in 7-0 oerwinning op Longa '30. Op eigen fjild hiene de Snitsers in bliksemstart, want nei ien minút stie de 1-0 al op it boerd troch in frommelgoal fan Freerk de Jong. Age Hains Boersma ferromme de foarsprong mei in moaie treffer. Twa treffers fan Tjeerd Andringa soarge foar de rêststân.
Nei rêst gong de Snitser doelpuntemasine troch mei treffers fan De Jong en Andringa. Erolind Derguti tekene úteinlik foar de romme oerwinning.