Prinsjesfestival iepene

15 sep 2013 - 14:22

Frysk dichter Tsead Bruinja hat sneintemiddei om healwei twaen yn Den Haag it Prinsjesfestival iepene. Hy lies op it balkon fan it Paleis oan de Lange Voorhout in gedicht foar yn it Nederlânsk en it Frysk.

It Prinsjesfestival is in inisjatyf fan PR-ûndernimmer en Fries om utens Gertjan Verhoog. Alle jierren mei in oare provinsje him presintearje op it festival. Ald-Frjentsjerter Verhoog hat derfoar soarge dat Fryslân de earste provinsje wurden is. It ûnderdiel Fryske Ambassade wurdt sneintemiddei om 15.00 oere iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)