Ynbraak yn wenhûs Goutum

Ynbraak © ANP XTRA
In oplettende tsjûge hat der sneontejûn foar soarge dat yn Goutum twa fertochten fan ynbraak oanhâlden binne. De tsjûge seach dat de twa it rút fan in wente oan de Buorren ynsloegen en deryn giene.
De plysje gie der nei de melding fuortendaliks mei ferskate ienheden op ôf. Se troffen yn de wente twa Roemenen fan 20 en 25 jier oan. Dy binne oanhâlden en ynsletten foar ûndersyk.