Miljeukarmerk foar golfklup

De Ljouwerter golfklup De Groene Ster hat as earste golfklup fan Nederlân in miljeukarmerk krigen, it GEO Certified ecolabel. Dat sertifikaat wurdt útjûn troch in ynternasjonale organisaasje dy't him rjochtet op duorsumheid en de ferheging fan kwaliteit fan de natuer op golfbanen yn de hiele wrâld. De Ljouwerter golfklup krige it karmerk omdat dy dêr ek goed mei dwaande is.
Der komme ferskate beskerme biste- en plantesoarten foar op it terrein. En yn en om it kluphûs hinne binne maatregels naam om bygelyks wetter en enerzjy te besparjen. De golklup fiert dit jier it 25-jierrich jubileum.