Twa dieven oppakt yn Ljouwert
Yn Ljouwert binne sneontejûn in jonge fan 16 en in man fan 21 oanhâlden, omdat se besocht hiene it wynskerm fan in skooter te stellen. De eigner hie se dwaande sjoen bij syn skooter en miste in bout fan it wynskerm. Doe't de plysje derby kaam, die bliken dat ien fan de fertochten dy yn de bûse hie. Dêrop binne de fertochten oanhâlden.