Cambuur te sterk foar Heracles

14 sep 2013 - 23:13

Sportklup Cambuur hat de twadde oerwinning yn de earedivyzje te pakken. Yn eigen hûs wiene de Ljouwerters mei 2-0 te sterk foar Heracles. De besikers hiene in aardige start, mar dêrnei naam Cambuur de rezjy yn hannen.

Krekt foar it skoft makke Michiel Hemmen de 1-0, op oanjaan fan Marcel Ritzmaier. Yn de twadde helte bleau it hiel lang spannend, mar krekt foar de ein soarge Ritzmaier (fia de foet fan Heraclesferdediger Davidson) foar de 2-0 einstân. Troch de oerwinning stiet Cambuur no op in kreas njoggende plak.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)