ONS Boso thús mei 4-2 ûnderút

Topklasser ONS Boso Snits is der sneon net yn slagge de tredde oerwinning op rige te pakken. Op eigen fjild waard mei 4-2 ferlern fan Rijnsburgse Boys. Nei in kertier kamen de Snitsers op efterstân. In penalty brocht gasten út Rijnsburg foar it skoft op 2-0.
Nei rêst wie it Chris de Wagt dy't ONS werom yn de wedstriid skeat. In eigen doelpunt fan Klaas de Vries 17 minuten foar de ein brocht de marzje lykwols wer op twa. Tjisse Kerkstra brocht opnij hoop op in lykspul, mar lang mocht dat net duorje. In minút letter makken de gasten dien wurk.