Minder folk nei monumintedei

14 sep 2013 - 16:14

It Iepen Monumintewykein yn Fryslân hie sneon wol wat te lijen hân fan it suterige waar. Foaral moarns kaam de publike belangstelling mar stadich op gong. Under it tema 'Macht en Pracht' binne rûnom yn Fryslân monuminten fergees fan binnen en bûten te bewûnderjen. Yn Frjentsjer wurdt it evenemint foar de tsiende kear organisearre. Reden om der wat ekstra's fan te meitsjen.

Dy spesjale kuier- en fytsrûtes lutsen sneon mar in bytsje folk. Yn Sleat wie ek de skutterij te bewûnderjen.

Oer de hiele dei kamen der úteinlik 1500 besikers nei Frjentsjer ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)