Bêste skoare skoalle Stiens

14 sep 2013 - 16:03

Iepenbiere basisskoalle De Twilling yn Stiens is ien fan de twa bêste skoallen fan Nederlân, as it giet om de Cito-skoare. Dat docht bliken út it ûndersyk fan RTL-nijs nei de resultaten fan de Citotoetsen. De skoalle krijt, mei in skoalle út Bruinisse in tsien yn it ûndersyk. Fryslân as provinsje skoart in 6,4 en stiet dêrmei op it tredde plak fan ûnderen. Allinne Drinte en Flevolân dogge it noch minder.

Foar it ûndersyk binne de CITO-resultaten fan de skoallen fergelike mei skoallen yn de omkriten en oanslutend omset yn in rapportsifer.

Yn dit sifer is ek rekken hâlden mei de sosjale, ekonomyske en kulturele eftergrûn fan de learlingen.

Trefwurden: 
Stiens cito skoare De Twilling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)