Finale Oldehove: Vd Bos-Bakker

De finalisten fan de 100e edysje fan de Oldehove keatspartij yn Ljouwert binne bekend. Yn de einstriid sille Gert-Anne van der Bos, Marten Feenstra en Daniël Iseger it opnimme tsjin Pieter Bakker, Taeke Triemstra en Pier Piersma. Yn de heale finale wienen Bakker en-dy mei 5-1 en 6-0 te sterk foar Tjisse Steenstra, Cornelis Terpstra en Renze Pieter Hiemstra, dy't de lytse preemje pakke.
Yn de twadde omloop wiene Van der Bos en-dy mei 5-0 en 6-2 it partoer fan Jan Dirk de Groot, Hendrik Bouwhuis en Hendrik Kootstra de baas.