Stifting It Eilaun hâldt op

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
Stifting It Eilaun fan Skiermûntseach wurdt mei yngong fan 1 oktober opdoekt. It bestjoer fan de stifting hat dit beslút naam omdat it net slagge is om de stelde doelen te heljen. De stifting hat him 10 jier ynset om it karakter fan it eilân te behâlden. Sa woe de stifting komme ta in mienskiplike fyzje oer wat der mei it toerisme op it eilân barre moast. De stifting naam ek it inisjatyf foar in jierboek.
It bestjoer fernaam dat it draachflak foar de aktiviteiten de lêste tiid ôfnaam en hat derom it beslút naam om op te hâlden.