Haitsma drok mei Botlekbrêge

Boubedriuw Haitsma Beton út Kootstertille is dit hiele wykein drok dwaande mei de ynstallaasje fan 36 grutte balken foar de opgong fan de nije Botlekbrêge yn Rotterdam. It binne mei in lingte fan 48 meter en in gewicht fan 240 ton de grutste balken fan dizze soarte dy't ea yn Nederlân makke binne.
It giet om In bysûnder wichtich projekt foar Haitsma, sa seit direkteur Wim Comello.