Emoasjes rinne op yn Drachten

14 sep 2013 - 07:37

De problemen op it gemeentehûs fan Smellingerlân binne de ôfrûne moannen noch net goed genôch oanpakt. Dat docht bliken út yntern mailferkear dêr't Omrop Fryslân de hân op lein hat. Foaral op de ôfdieling Publyk rinne de emoasjes op en steane de ûnderlinge ferhâldingen ûnder druk.

Omrop Fryslân brocht de problemen earder dit jier nei bûten, neidat in groep amtners oan de belle lutsen hie oer de sfear fan yntimidaasje en vriendjespolityk op it gemeentehûs. Ferskate amtners sitte siik thús fanwege de minne sfear.

Ut in ûndersyk fan Bureau Berenschot kaam nei foaren dat der mei faasje wat dien wurde moat oan de wurksfear op twa ôfdielingen. Trochdat it rapport flak foar de simmerfakânsje útkaam, is der noch net folle dien om de problemen op te lossen. Neffens de ynterne mail wurdt no sa gau as mooglik in eksterne begelieder socht om mei de probleemsituaasje oan de slach te gean. De gemeente is noch net yn de gelegenheid om in reaksje te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)