Simpson net mear coach Aris

Aris tsjin Leiden © Omrop Fryslân
Tom Simpson is fan hjoed ôf net mear einferantwurdlik foar de Ljouwerter basketbalploech Aris. It hat neffens de klup bliken dien dat Simpson syn taak as coach dreech kombinearje kin mei syn baan as dosint oan de Maritime Akademy yn Harns. Der is no besletten dat Simpson's assistint, Ed Molthoff, ferantwurdlik wurdt foar sawol de wedstriden as de trainings.
Simpson sil him dêrby stypje en him dwaande hâlde mei de yndividuele ûntwikkeling fan de Arisspilers.