Gastkonservator Kelder grutsk

13 sep 2013 - 17:04

Televyzjepresintator Jort Kelder is grutsk op de útstalling 'Oud Geld' yn it nije Fries Museum. It fernijde museum op it Ljouwerter Saailân waard freed iepene troch keninginne Máxima. Kelder wie foar dizze útstalling gastkonservator en hat it mei betocht.

'Oud Geld' moat ien fan de grutte lûkers wurde. Dêryn wurdt de fergeliking makke tusken de rike Friezen fan de gouden ieu en de minsken mei in soad jild fan no. Wêr joegen se doe harren jild oan út en hoe giet dat no.

En dus stiet der in djoere sportauto fan 300 tûzen euro neist in hynstetekken út de 17de ieu. De sportauto wie freedtemiddei by de offisjele iepening al gelyk in publykslûker. Jort Kelder hat ek keninginne Máxima in taljochting jûn by har rûnlieding troch it museum.

Trefwurden: 
Fries Museum Jort Kelder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)