Boek oer gevangenen De Marwei

13 sep 2013 - 16:14

Sjoernalist en dosint Auke Zeldenrust hat in boek skreaun oer it libben yn finzenis De Marwei yn Ljouwert. Hjir sitte 248 mannen fêst foar útienrinnende saken. It giet om dieven, drugshannelers, beropskriminelen en moardners. Mei de goed twahûndert minsken dy't yn De Marwei wurkje foarmje de detinearden in aparte mienskip.

Yn it boek 'Dorp achter de tralies' beskriuwt Zeldenrust hoe't it libben yn de finzenis is. De skriuwer wie it ôfrûne jier elke wike yn de finzenis te finen om ûndersyk te dwaan en om mei gevangenen te praten.

Takom wike freed wurdt it boek offisjeel presintearre.

Trefwurden: 
boek Marwei Auke Zeldenrust
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)