Fjoerwapens fûn yn Aldeberkeap

13 sep 2013 - 14:49

Yn in wenning oan de Delle yn Aldeberkeap hat de plysje tongersdei in tal fjoerwapens yn beslach naam. Der wie by de plysje ynformaasje binnenkaam dat op it adres fjoerwapens lizze soene. Dy ynformaasje kloppe. Der binne ferskate wapens meinommen. By de ynfal is de 25-jierrige bewenster oanholden. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Aldeberkeap fjoerwapens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)