Fryske bedriuwen nominearre

13 sep 2013 - 14:31

Twa Fryske bedriuwen binne nominearre foar de Jonge Ondernemersprijs fan it Noarden. It giet om BSO Sport & Cultuur út Drachten, en Werff Talent op It Hearrenfean. Beide bedriuwen gean mei noch fjouwer finalisten nei de einstriid, dy't op 19 novimber yn Ljouwert hâlden wurdt. De sjuery hat in kar makke út 18 finalisten en foaral sjoen nei ûndernimmersskip, fisy en diedkrêft. Om harsels ta te rieden op de finale sille de seis bedriuwen ynkoarten trije workshops folgje op it mêd fan presintaasje en it omgean mei de media.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)