Brân yn wurkpleats It Amelân

By in brân op camping Kiekduun op It Amelân is freedtemiddei in loads ferlern gien. It fjoer wie om in oere as healwei trijen ûnder kontrôle. Yn de loads stienen trekkers en shovels, en ek lytser ark. By de brân is net ien ferwûne rekke. Wol moast in tal campinggasten har ûnderkommen ferlitte fanwege de grutte reekûntwikkeling. Eilanners krigen in NL-alert fanwege de reek. Njonken de brânwacht fan It Amelân waard ek de brânwacht fan Dokkum oproppen. Der is by de brân gjin asbest frijkommen, omdat de loads frij nij wie.