Syktocht nei lichem ferrieder

13 sep 2013 - 12:48

Oan de súdkant fan de Galamadammen by Koudum is freedtemoarn begûn mei de syktocht nei in man dy't oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch deasketten is. Syn lichem moat der noch hieltyd lizze. De man is om it libben brocht omdat hy in ferrieder wêze soe.

Lokaal is wol bekend om wa't it gean moat, mar de plysje en de lânmacht wolle dêr neat oer kwyt omdat de famylje noch fan neat wit. De syktocht wurdt útfierd troch de Bergings en Identificatiedienst Koninklijke Landmacht en de plysje hat it ûndersyk dien.

It plak leit tsjin in bosk oan by it kanaal oan de kant fan de Fluezen. In graafmasine hat earst de toplaach fan de grûn fuorthelle en dêrnei is der mei in grûnradar fierder socht. At der in lichum fûn wurdt, duorret it noch wol efkes foardat befêstige wurdt om wa't it giet.

Trefwurden: 
Koudum syktocht lichem
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)