Lodeweges hâldt fêst oan basis

13 sep 2013 - 12:39

Sportklup Cambuur spilet sneon tsjin Heracles mei deselde alve spilers yn de basis as de lêste wedstriid tsjin PSV (0-0). Dwight Lodeweges sjocht gjin reden om syn opstelling te feroarjen. 'Die jongens hebben het goed gedaan, ik zou gek zijn als ik daar grote veranderingen in aan zou brengen', sa seit Lodeweges.

De trainer kin tsjin Heracles gjin berop dwaan op de al langer blessearren Bart van Brakel, Alexander Christovao en Marco van der Heide. Jeremy de Graaf is ek net hielendal fit, mar hy hat gjin slimme blessuere.

Opstelling Cambuur tsjin Heracles: Nienhuis, Droste, Leeuwin, Van der Laan, Bijker, El Makrini, Bakker, Ritzmaier, Lukoki, Hemmen en Feldballe.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)