Man smyt mei flessen drank

Plysje-embleem © ANP
In 59-jierrige man út Frjentsjer is tongersdeitemiddei yn syn wenplak oanholden omdat er yn in sliterij oan de Foarstrjitte in oantal flessen stikken smiten hie. De fertochte woe drank keapje, mar de 47-jierrige ferkeaper wegere dat omdat de man al flink ûnder ynfloed wie.
Dêrop smiet de Frjentsjerter in oantal flessen jenever stikken en smiet ek in flesse nei de eigener. Dy wist de man úteinlik bûten de winkel te krijen en hat de plysje belle.