22 boetes by ferkearskontrôle

13 sep 2013 - 10:25
Snelheidskontrôle - Foto: Omrop Fryslân

Op de sneldyk A32 tusken It Hearrenfean en Wolvega hat de plysje tongersdei 22 boetes útdield foar ferskate oertredings. Sa doogde de ferljochting op in oantal oanhingweinen net en hie in oantal automibilsten it rydbewiis fergetten. By de kontrôle wiene 16 plysjeminsken belutsen.

Trefwurden: 
plysje kontrôle
(Advertinsje)
(Advertinsje)