Heabroei yn berm by Arum

13 sep 2013 - 10:01
Foto: ANP

Yn Arum hat freedtemoarn heabroei west yn in stik berm oan de Allengawei. De brânwacht fan Wytmarsum is oproppen. It gie om in bulte hea dy't yn brân rekke wie. It hea is troch de brânwachtlju útelkoar helle. Nei in oere wie it fjoer hielendal út.

Trefwurden: 
Arum heabroei
(Advertinsje)
(Advertinsje)