'Mercurius fan Liwwadders'

13 sep 2013 - 08:04

De stjoermachtiging fan de Ljouwerter lokale omrop Mercurius rint op 28 oktober ôf. De gemeenteried moat oan it kommissariaat fan de media in advys útbringe oft dy machtiging ferlingd wurde moat of net. Mar... der binne kapers op de kust. Fanút Grins is troch LEO ek in oanfraach yntsjinne om yn Ljouwert útstjoerings te meitsjen. Tongersdei hat it bestjoer fan Mercurius it kolleezje en de gemeenteried fan Ljouwert bypraten en besocht te oertsjûgjen dat se fierder gean moatte mei Mercurius.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân Mercurius LEO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)