Máxima iepenet Fries Museum

13 sep 2013 - 07:48

Keninginne Máxima hat freed om 12 oere it nije Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert iepene. It wie foar de earste kear dat Máxima as keninginne sa'n taak op har naam. Maxima iepene it gebou troch it swurd fan Grutte Pier út in kiste te heljen en dêrmei it museum yn te rinnen. Der wie in soad belangstelling foar de iepening.

Neist minsken mei in útnoeging stie ek op it Saailân in soad publyk. Keninginne Máxima hat freedtemoarn earst in oere in rûnlieding hân troch it nije museum.

Neffens direkteur Saskia Bak fan it museum wie de keninginne hiel ynteresearre yn de wurken dy't yn it museum hingje. By de iepening song sjongeres Iris Kroes ek noch in liet dat spesjaal foar de iepening skreaun is. De nijbou hat sa'n trije jier yn beslach naam en is ûnder oaren ta stân kaam troch in legaat fan 18 miljoen euro fan arsjitekt Abe Bonnema. De totale kosten fan de nijbou binne 36 miljoen euro. It ûntwerp is fan arsjitekt Hubert-Jan Henket. It Fries Museum ferwachtet sa'n hûnderttûzen besikers per jier. It museum is freed oant 20.00 oere fergees iepen foar publyk.

Trefwurden: 
Fries Museum Máxima
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)