Parkearen betelje mei mobyl

Yn Drachten kin fan nije wike ôf it parkearen ek betelle wurde fia de mobile telefoan. Earder wie dat al mooglik makke yn Ljouwert, Harns en op It Hearrenfean. Fia de mobile telefoan kin men de parkeartiid begjinne en einigje litte. It foardiel is dat men noait tefolle betellet, omdat der ôfrekkene wurdt op it momint dat men fuotgiet.
Op de telefoan moat in sône-nûmer trochjûn wurde en dan start de parkeartiid. As men fuortgiet moat dat ek wer melden wurde.
De parkearkontroleur kin oan de hân fan it kenteken sjen oft der betelle is of net.