Syktocht nei lichem by Koudum

By Koudum wurdt freed ûndersyk dien nei it plak dêr't mooglik it stoflik omskot fan in fermist persoan lizze kin. It soe dan gean om in man dy't yn de winter fan 1944-1945 troch leden fan it ferset deasketten is. It ûndersyk hâldt yn dat der grûnradarûndersyk dien wurdt en dat der ek echt groeven wurdt. As der in stoflik omskot fûn wurdt sil de Bergings- en Identifikaasjetsjinst Keninklike Lânmacht it omskot út de grûn helje. It ûndersyk sil de hiele dei duorje.