'Yllegale kaarten Hearrenfean'

SC Hearrenfean warskôget derfoar dat minsken dy't nei de wedstriden Hearrenfean-Cambuur of Hearrenfean-Grins wolle, allinnich kaarten keapje moatte fia de offisjele kanalen. It is de klup opfallen dat foar beide wedstriden kaarten oanbean wurde fia spesjale buro's en fia sites as Marktplaats. Kaartsjes binne lykwols allinnich jildich as se mei in klupkaart kocht binne. Dy kaart is bûn oan de persoan dy't de kaarten kocht hat en dêr wurdt ek ekstra op kontrolearre.