Winsumer pakt foar 32 ynbraken

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan in man (30) út Winsum tinkt de plysje 32 ynbraken yn Fryslân oplost te hawwen. De man is heal desimber op 'e died betrape doe't er ynbruts yn in hûs oan de Nije Rapenburg yn Ljouwert. Ut ûndersyk die bliken dat er ek belutsen wie by ynbraken yn ûnder oare Ljouwert, Snits, Drylts en Frjentsjer. Mooglik komme der noch mear saken by, om't it ûndersyk noch net klear is. De man sit noch fêst.