Wedeplant foar indigoferve

12 sep 2013 - 14:35

In unyk projekt by Pitersbierrum. Dêr wurdt de âlde plantesoart 'wede' teelt en ferwurke ta indigoferve. Natuerlike ferve dy't eartiiids troch de Rembrandts en Van Goghs ek brûkt waard. Yntusken ha we fansels de syntetyske ferve. Mar neffens keunstner Claudie Jongstra is de natuerlike ferve folle moaier en yntinser. Yn Nederlân en eins ek yn Europa wurdt wede en it eksoatyske indigo eins net mear produsearre. Jongstra hopet dat dit projekt oaren stimuleart ek wer mear mei natuerlike ferve te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)