Home Center Wolvegea groeit

12 sep 2013 - 12:20

Meubelkompleks Home Center yn Wolvegea wurdt in stik grutter. Der is no ûngefear 50.000 fjouwerkante meter oan wenwinkels. Dat wurdt aanst 75.000 kante meter. Der komt in kassekompleks foar it túnsintrum by en in eksposintrum mei feranda's, loungehutten en paviljoenen.

Home Center sit oan de râne fan Wolvegea, op it yndustryterrein. Yn it kompleks sitte mear as 200 winkels op it mêd fan hûs en tún. De nijbou moat yn oktober klear wêze. It famyljebedriuw hat al plannen foar nóch mear útwreiding.

Trefwurden: 
Wolvegea Home Center
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)