Bedriging plysjes mei messen

Plysje-embleem © ANP
In melding oer lûdsoerlêst yn in hûs oan de Boarnsterdyk yn Akkrum is woansdeitejûn aardich út de hân rûn. Doe't de plysjes de 49-jierrige bewenner oansprutsen, pakte hy twa messen út de bûsen en bedrige de plysjes dermei. Hy rôp dat er in hekel hat oan plysjes en dat hy har dea meitsje soe as se binnen kamen. De man wegere syn messen del te lizzen. Dêrom lutsen de plysjes harren wapen.
De man koe dêrtroch oanhâlden wurde. De man sit noch fêst.