Meiwurkers Prins nei rjochter

12 sep 2013 - 07:24

Meiwurkers fan it eardere Prins Dokkum tekenje woansdei by de ûndernimmingskeamer yn Amsterdam protest oan tsjin de sluting fan it bedriuw. By dy sluting binne alle meiwurkers op strjitte komme te stean en se hawwe by harren ûntslach gjin fergoeding mei krigen.

Neffens de fakbûnen wie de sluting lykwols hielendal net nedich. It bedriuw draaide goed en hie noch in soad opdrachten foar de takomst. De produksje giet no nei Poalen. De fakbûnen easkje dat der in ûndersyk komt oft it wol terjochte is dat de direksje de doarren sletten hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)