It giet goed mei de moksels

De grutskalige reparaasje fan de mokselbank yn it westlik Waadgebiet hat it earste minne waar goed oerlibbe, sa hawwe ûndersikers fan it projekt Mosselwad woansdei fêststêld. It giet om 8 bunder mokselbank by it Balgzand yn Noard-Hollân dêr't koartlyn 100 ton moksels op stoarten is om ien en oar te herstellen.
Der is tafersjoch mei in kamera op in peal, mar dat is net genôch. Dus waard alles woansdei fan tichtby besjoend en it like goed.
Dat is wichtich, want as dizze metoade wurket, kin it ek op oare droechfallende mokselbanken yn it Fryske Waad ynsetten wurde. Mokselbanken en benammen mokselbanken dy't droechfalle binne hiel wichtich foar de Waadsee, mar der is yn foargeande jierren in soad ferdwûn.