Proef ferkeap pachtgrûn eilân

Simmerhûzen Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Steatsboskbehear sil op ûnder mear Flylân en Skylge in test dwaan mei de ferkeap fan grûn ûnder hûzen fan minsken dy't dy grûn no noch yn erfpacht ha fan de natoerbehearder. Earder wie der in soad te dwaan oer de nije, hegere pachtprizen en ien fan de oplossings wie it ferkeapjen fan de grûn.
It Ryk en de Waadgemeenten ha Steatsboskbehear ek frege grûn dy't net wichtich is foar de natoer, it lânskip, kultuerhistoarje en rekreaasje te ferkeapjen. De eigeners fan de hûzen kinne aanst kieze tusken keap fan de grûn of in nij pachtkontrakt.
In aparte kommisje hat útsocht hoe't men ta in earlike ferkeappriis komme kin en dat advys wurdt ynkoarten úttesten, sa lit Steatsboskbehear witte.