Ljouwert net bêste binnenstêd
Ljouwert docht net mear mei yn de striid om de titel bêste binnenstêd fan Nederlân. Den Haag, Venlo, Amsterdam en Zaandam binne troch in lanlike sjuery selektearre foar de finale letter dit jier. Op 21 novimber moat bekend wurde hokker stêd dy striid wint.