Mollema wint rit yn Spanje

11 sep 2013 - 18:17

De Ljouwerter hurdfytser Bauke Mollema hat woansdei de 17e etappe fan de Ronde fan Spanje wûn. It wie in rit oer 189 kilometer fan Calahorra nei Burgos. Mollema ried in pear hûndert meter foar de finish fuort út in kopgroep fan 30 man.

It is foar de 26-jierige Mollema de earste oerwinning yn in grutte ronde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)