Oplichte fia ynternetbankieren

Feilich ynternet © Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket oplichting fia ynternet. In ynwenster (30)fan Ljouwert krige fia de mail it fersyk om om feiligensredenen yn te loggen by har bank. Nei't se dat dien hie, die in dei letter bliken dat der samar 3000 euro fan har rekken ôfskreaun wie. In frou (41) út Opsterlân oerkaam it selde. Nei't sy fia de kompûter kontakt socht hie mei har bank, waard se belle troch in sabeare meiwurker fan dy bank. Dêrnei waard 10.000 euro ôfskreaun. De plysje tinkt dat mear Friezen slachtoffer wurden binne fan de oplichting.