Boek oanbean oan Laurentien

11 sep 2013 - 14:29

It earste eksimplaar fan it boek 'De avonturen van Auke' is woansdeitemiddei oanbean oan prinsesse Laurentien yn museum Belvédère op It Hearrenfean. It ferhaal giet oer reedrydheld Auke dy't net goed lêze kin en is skreaun troch 300 bern fan tolve basisskoallen. Skriuwer Jacques Vriens joech yn febrewaris it startskot foar de boekestafette. Elke skoalle hat in haadstik skreaun. Doel fan dit boek is om bern te stimulearjen te lêzen en te skriuwen. Yn Fryslân hat ien op de tsien minsken dêr muoite mei. It boek is te keap yn de boekhannel.

Prinsesse Laurentien is foarsitter fan Stichting Lezen & Schrijven. Dizze wike stiet yn it ramt fan alfabetisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)