Beswier tsjin Icedôme ôfwiisd

11 sep 2013 - 12:17

De provinsje Fryslân leit him der by del dat Icedôme yn Almere de topsportstatus foar it reedriden krijt en sil fierder gjin juridyske stappen ûndernimme. De sportbûnen KNSB en NOC*NSF ha de beswieren tsjin de foarriedige gunning fan de titel nasjonale reedrydakkommodaasje oan Icedôme ôfwiisd. Icedôme hat no in healjier de tiid om de plannen konkreet te meitsjen.

Deputearre Hans Konst lit witte dat de provinsje him no rjochtet op de realisaasje fan it nije Thialf op It Hearrenfean. De nije hal sil foldwaan oan alle easken fan de bûnen en de sporters.

Trefwurden: 
Thialf KNSB provinsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)