Ferset steande want opjûn

11 sep 2013 - 11:58

Fûgelbeskerming Nederlân en stifting Het Blauwe Hart fersette har net langer tsjin de fergunning foar it fiskjen mei it steande want yn de Iselmar. De provinsjes Fryslân en Flevolân hawwe hjir fergunnings foar jûn. Ferskate partijen wurkje no oan in plan om de fiskerij duorsum te meitsjen. De beswiermakkers wolle dit proses net fersteure en lûke har beswieren dêrom yn. Se stelle wol as betingst dat it plan der dit jier wêze moat.

Trefwurden: 
fiskerij steand want
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)