Marreprojekt smyt minder op

11 sep 2013 - 11:45

De effekten fan ynvestearrings yn it Fryske Marreprojekt rinne achter by de oarspronklike doelstellings, blykt út in tuskenevaluaasje fan de provinsje. Sa is de ferwachting foar de taname fan it tal banen flink leger. De doelstelling wie om yn 2015 tritich persint mear banen realisearje te kinnen, mar dat oantal liket troch de krisis net mear helber. Tusken 2010 en 2012 binne goed 400 banen yn de Fryske wettersport bykaam. Ek jouwe wettertoeristen yn Fryslân minder jild út as earder ferwachte. Dat wie 44 euro deis en dat is minder as earder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)