Mei de auto yn de sleat by A32
In 50-jierrige automobiliste út Hoogeveen is tiisdeitejûn mei de auto op de kop yn in sleat lâns de A32 by Wolvega bedarre. Se rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk. Mei ûnbekende ferwûnings is se nei it sikehûs brocht.