Man mei drank op pakt op A32

11 sep 2013 - 09:53

In bestjoerder (71) út Ljouwert is tiisdeitenacht mei drank op oanhâlden op de A32 by Goutum. De man ried al slingerjend tsjin it ferkear yn op de A32. In automobilist en de sjauffeur fan in ambulânse koene de man klemride. Dêr drige er mei in kneppel. De omstanners pakten de kneppel en de kaaien fan de auto fan de dwerse man ôf. De plysje naam de man mei nei it buro en hat syn rydbewiis ynnommen. Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysje drankrider A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)