Rekkenkeamer kritysk op D'diel

De gemeente en de ried fan Dantumadiel moatte saakliker omgean mei de wolwêzensstifting KEaRN en Stifting Welzijn Het Bolwerk. Dat is ien fan de oanbefellings út in kritysk rapport fan de rekkenkeamerkommisje Noardeast-Fryslân.
Dy hat op fersyk fan de ried sjoen nei de doelmjittichheid en rjochtmjittichheid fan de subsydzjes dy't de ôfrûne jierren oan de twa organisaasjes ferstrekt binne. Konklúzjes binne ûnder oare dat de gemeente KEarRN en Het Bolwerk te min oanstjoerd hat en de ried har kontrolearende taak ûnfoldwaande útfierd hat.
It kolleezje fan b. en w. seit it byld dat de rekkenkeamerkommisje sketst net te werkennen, mar kin him fine yn de oanbefellings dy't dien wurde. De gemeenteried sil ynkoarten te set oer it ûndersyk.