Fryslân iepenet ambassade

Fryslân iepenet takom snein in eigen ambassade yn Den Haach. Us provinsje mei him de hiele wike presintearje op it Prinsjesfestival yn Den Haach. It Prinsjesfestival wurdt dit jier foar de earste kear hâlden om Prinsjesdag en it bestean fan de parlemintêre demokrasy mear glâns te jaan.
Fryslân presintearret himsels oan de hân fan grutte tema's as bygelyks suvel en wetter. Mar fansels is der ek plak foar it útdragen fan Ljouwert as kulturele haadstêd.