ANWB: diken net feilich genôch

Sa'n twatredde diel fan de Fryske provinsjale diken is net feilich genôch. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ANWB dat hjoed nei bûten kaam is. It ûndersyk is útfierd yn it hiele lân. De Fryske sifers lizze om it lanlik gemiddelde hinne.
Deputearre Sietske Poepjes tinkt dat der yn de kommende tsien jier ûngefear 35 miljoen oant 50 miljoen nedich is om de diken te ferbetterjen. Mar foardat dêr besluten oer nommen wurde kinne wol se earst wachtsje op in mear detaillearre ûndersyk nei de Fryske diken. Dat komt nei alle gedachten yn novimber.